Soargen oer ynbraken Aldlân

De bewenners fan de Ljouwerter wyk Aldlân en fersoargingshûs Erasmushiem yn de wyk meitsje har soargen oer it tanimmend tal ynbraken. Dêrby reitsje slachtoffers weardefolle saken kwyt. Boppedat fine de bewenners dat de plysje te min te sjen is yn de wyk.
De PvdA yn de gemeente Ljouwert wol dêrom fan boargemaster en wethâlders witte oft dy ferhalen wier binne en wat de gemeente deroan dwaan sil om it ûnfeilige gefoel fan de minsken fuort te nimmen.