McDonald's yn Snits ûntromme
De McDonald's oan de Gedempte Pol yn Snits is tongersdeitemiddei ûntromme fanwege reekûntwikkeling yn de saak. De reek komt út it plafond wei, mar der is gjin fjoer te sjen. De brânwacht hat út foarsoarch alle minsken út it restaurant gean litten.
Der binne fjouwer brânwachtauto's op de Gedempte Pol om de saak yn de gaten te hâlden. Yntusken wurdt besocht te achterheljen wêr't de reek wei komt.