Nachtfroast ferrast bouboeren

05 maaie 2011 - 12:08
It is ôfwachtsjen wat de nachtfroast mei de biten dien hat

De nachtfroarst fan ôfrûne nacht kin kin grutte gefolgen hawwe foar de bouboeren. Oeral yn Fryslân hat it 2 oant 3 graden ferzen en dêr kinne de jonge planten net oer. Benammen de biten rinne gefaar. De earste bledsjes stekke noch mar krekt boppe de grûn út.

Hoe grut de skea is, wurdt pas oer in pear dagen dúdlik. As de blêden brún wurde, kostet it de boer in soad jild.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)