Krusing Easterwâlde wer iepen

05 maaie 2011 - 10:55

De Venekoterkrusing by Easterwâlde is wer iepen. De krusing op de N381 wie de hiele tongersdeitemoarn ticht fanwege in ûngelok mei twa frachtauto's.

By dat ûngelok rekke de sjauffeur fan ien fan de frachtauto's ferwûne. De oare sjauffeur ried troch ûnbekende oarsaak achterop de auto, wêrtroch de sjauffeur beknypt rekke.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)