In ûnbekende hat yn Wier in briedende hauk deasketten. Wannear't dat krekt west hat is net bekend. It bist is koartlyn dea yn it nêst fûn. De plysje docht ûndersyk nei de dieder. Hauken binne beskerme fûgels.