Brân yn bosk Easterwâlde

Yn in bosk oan de Oost yn Easterwâlde hat woansdeitejûn brân west. It fjoer is nei alle gedachten ûntstien neidat in sigaar útmakke wie yn in tún yn de strjitte. Dy sigaar wie mooglik net goed út. Dêrtroch is in bult snoei-ôffal yn 'e brân rekke, wêrnei't it fjoer oersloech nei it stik bosk.
De skea bleau beheind, omdat it de brânwacht en plysje slagge it fjoer gau te blussen.