Rydbewizen ynnommen
De plysje hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei twa rydbewizen ynnommen. In 40-jierrige ynwenner fan Ljouwert rekke syn rydbewiis kwyt om't er 52 kilometer yn 'e oere te hurd ried.
Op de A7 moast in 41-jierrige ynwenner fan Assen syn rydbewiis ynleverje. Hy hie 179 kilometer yn 'e oere op 'e teller stean.