Brân yn skiphûs Grou

By in brân yn in skiphûs oan de Garde Jagerswei yn Grou binne woansdeitenacht trije skippen ferlern gien. Oan it gebou sels ûntstie flinke skea. De brân begûn troch noch ûnbekende oarsaak om in oere as trije.
De brânwacht sette meardere korpsen yn om it fjoer te blussen. Tongersdeitemoarn moast de brânwacht opnij nei it skiphûs fanwege in neikontrôle.