Ljouwert klear foar festival

It befrijingsfestival fan 2010
De gemeente Ljouwert ferwachtet op it befrijingsfestival likefolle besikers as ferline jier, goed 125.000.
Fanwege de drokte wurde ekstra maatregels naam. Yn smelle strjitten lykas de Lytse Tsjerkstrjitte en de Doelesteech wurdt ienrjochtingsferkear ynsteld. Yn 2010 wie it dêr sa drok dat de helptsjinsten der net lâns koene. De gemeente sil op Twitter witte litten wat de knipepunten yn de stêd binne. It publyk kin sa de drokste plakken meie.