Part Burggraaff-bou fallyt

04 maaie 2011 - 16:02

In part fan boubedriuw Burggraaff BV yn Ljouwert is troch de rjochtbank fallyt ferklearre. It giet om it ûnderdiel "Newton Bouwsystemen". Dat is it fabryk dêr't folsleine muorren en gevels mitsele wurde troch mitselrobots.

Burggraaff is al langer negatyf yn it nijs omdat er it lean fan syn personiel te let betellet. It bedriuw sels wol it fallisemint noch oanfjochtsje. Der soe in daging (dagvaarding) mist wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)