Sietske H. is al yn terapy

04 maaie 2011 - 15:05

Sietske H. út Nij Beets sit al in tal moannen yn terapy. Dat meldt it NRC Handelsblad woansdei. Sietske H. waard tiisdei feroardiele ta tolve jier selstraf fanwege it ombringen fan har fjouwer krekt berne poppen.

Yn de krante seit har advokaat dat Sietske H. mei de behanneling foarkomme wol dat se itselde misdriuw wer plege sil. De behanneling wurdt dien troch in finzenispsycholooch. Dy hat alle wiken petearen mei har.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)