Wenningbrân yn Koudum
Der hat woansdei brân west yn in appartemint boppe in winkel oan de Verlengde Hoofdstraat yn Koudum. Dêrby is skea ûntstien oan it appartemint, de ûnderlizzende winkel hat wetterskea oprûn.
De brânwacht hat meardere korpsen ynset om it fjoer te blussen. Nei alle gedachten is dat ûntstien by wurk oan it dak. By de brân is nimmen ferwûne rekke.