Jonkje (5) biten troch hûn

04 maaie 2011 - 10:41

In jonkje fan fiif út Froubuorren is tiisdei troch in hûn biten. It jonkje wie mei in freontsje bûten op de stoepe oan it boartsjen, doe't de hûn op de bern ôfstode. Hij smiet har om en biet doe it jonkje fan fiif. It slachtofferke is troch in dokter oan syn ferwûnings behannele.

De eigner fan de hûn, in man fan 77 út Froubuorren, hat in bekeuring krigen omdat er it bist net fêst hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)