Gjin blomkemerk yn Warkum

04 maaie 2011 - 10:37

De blommemerk fan Warkum fan kommende snein giet net troch, omdat de blommehannelers har weromlutsen hawwe. De reden dêrfoar is dat troch it moaie waar de blommen en planten al útbloeid binne en der dus gjin hannel is.

De merk wurdt spesjaal foar memmedei organisearre troch Promoasje Warkum. Der wiene 10 blommehannelers dy't har foar de merk oanmelden hiene. Mar om't it gros har ôfmeld hat giet it net troch. De Harleydavidsondei op heitedei giet wol troch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)