Auto's fernield yn Snits

Yn Snits binne tiisdeitejûn twa jonges fan 16 oanhâlden, omdat se in stel auto's fernield hiene. In tsjûge hie yn de Julianaleane sjoen hoe't fjouwer jonges op de fyts by de auto's delrieden en der tsjinoan skopten. De tsjûge belle fuortendaliks de plysje. Doe't dy kaam, koene se twa jonges oppakke. Dy binne meinaam nei it buro.
De plysje wit wa't oare twa binne en sy krije ynkoarten besite fan de plysje. It is net bekend hoefolle auto's oft der fernield binne.