Man slacht syn hûn dea

04 maaie 2011 - 10:18

De plysje hat yn Ljouwert in 23-jierrige man út de stêd oanhâlden omdat er syn hûn deaslein hat. Dat wie al yn jannewaris. De man hat doe yn in lulke bui in 11-jierrige Jack Russel tsjin de kop slein. It bist oerlibbe dy klap net.

De man waard moandei oanhâlden. Doe't er heard waard, bekende er dat er de hûn deaslein hat. Hij hat in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)