Tsjûge oanriding Akkrum socht

04 maaie 2011 - 10:17

De plysje siket de tsjûge dy't ferline wike tongersdei trochjûn hat dat der yn Akkrum in pear bern hast oanriden waarden. De tsjûge hie sjoen hoe't om in oere as kertier oer seizen jûns in dronken autobestjoerder op de Kleef ried. Hij ried mei de auto hast in pear bern om. De tsjûge belle de plysje.

De plysje hat no noch mear ynformaasje nedich en freget de persoan yn kwestje om opnij kontakt te sykjen mei de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)