Pyromaan aktyf yn Ljouwert

04 maaie 2011 - 08:29

Der hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei in pyromaan aktyf west yn Ljouwert. Yn in kertier tiid binne der op acht plakken yn de stêd brantsjes stichten yn konteners.

De earste melding fan twa brannen kaam fan de Harnzerstrjitwei. Yn de Ibisstrjitte waard in bultsje ôffal yn de brân stutsen. En ek yn de Havikstrjitte, Gealanden en de Mondriaanstrjitte waarden konteners yn de brân stutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)