Hurdegarypster wint Write Now

Jochem van der Woude fan Hurdegaryp hat tiisdei de earste priis wûn fan de lêste foarronde fan de nasjonale skriuwerswedstriid 'Write Now Leeuwarden'. De finale is op 18 en 19 juny yn Rotterdam. Jochum en noch 24 oare finalisten meie der hinne om te striden om de earste priis.
Foar dizze foarronde waarden 30 koarte ferhalen, rapteksten, kollums en gedichten ynstjoerd. In sjuery fan fiif saakkundigen fûn de gedichten fan Jochem de bêste.