Dochs brede skoalle Warkum

03 maaie 2011 - 21:16

Der komt in brede skoalle by sportkompleks De Rolpeal yn Warkum. Dêr binne alle dielnimmende partijen it oer iens wurden. Oer dizze oplossing wurdt al jierren praat, mar der bleaune mieningsferskilllen.

Foaral de St.Ludgerusskoalle sit te springen om nijbou. Dêrfoar wie troch de gemeente Nijefurd al 2,5 miljoen apart set. Troch de nijbou giet ien fuotbalfjild ferlern, mar in oar fjild krijt keunstgers en kin dan mear brûkt wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)