Podden fan de dea rêden

In amer fol kikkerts en podden
3300 podden en kikkerts binne dizze maaitiid feilich de trochgeande dyk troch de Tsjongerfallei oerset. Dit jier stie der foar it earst in skerm om de bisten tsjin te hâlden foar de dyk.
Dat waard pleatst nei tips dat der in soad bisten deariden waarden yn de trek. Nei de winter komme de bisten út harren skûlplak yn it bosk en sette ôf nei puoltsjes om te pearjen. Leden fan de amfibyenwurkgroep Meiwurkers fan It Fryske Gea ha se de dyk oerset.