Gjin gemeentlike jeugdsoarch

Fryslân krijt ien organisaasje foar de jeugdsoarch. Dêr stjoere provinsje en gemeenten op oan. Dat sei wethâlder Andries Ekhart fan de gemeente Súdwest Fryslân tiisdeitemiddei. Yn 2013 giet de jeugdsoarch hielendal oer nei de gemeenten.
No ha it ryk en de provinsje foech oer dy jeugdsoarch. Der is net foar keazen om eltse gemeente apart har eigen soarch regeljen te litten; it moat in provinsjedekkende organisaasje wurde dêr't de gemeenten yn gearwurkje.