Sjoerd de Vries nei APPM

Sjoerd de Vries
Reedrider Sjoerd de Vries hat in nije ploech. It kommende seizoen sil de sprinter útkomme foar Team APPM fan trainer Gerard van Velde. De 22-jierrige Twellingeaster hie yn maart oanjûn dat er net fierder woe by Control fan Jac Orie.
De Vries waard yn 2007 wrâldkampioen by de junioaren en hat op 3000 meter noch altyd it wrâldrekôr junioaren. De 1000-meterspesjalist hopet by APPM de trochbraak nei de top te meitsjen.