Fergunning oan Sahar ferliend

Sahar Hbrahim Gel út Sint Anne
Sahar Hbrahim Gel en har famylje ha tiisdei in ferbliuwsfergunning krigen. De advokaat fan Sahar hat it dokumint op de faks krigen. De wurdfierder fan minister Leers hat dat witte litten.
Moandei waard it nije belied oer ferwesterde famkes yn de Staatscourant publisearre, dat wie it iennichste dêr't it útrikken fan de fergunning noch op wachte. Sahar is bliid, se tinkt dat se pas leauwe kin dat se net werom hoecht as se sels it papier yn hannen hat.