Drokte ferwachte op Fûgelpaad

Frijwilligers meitsje it Fûgelpaad klear
Op trije plakken yn Nasjonaal Park Lauwersmar wurdt it op snein 15 maaie ongewoan drok. Alteast dat hopet de organisaasje fan it Fryske Fûgelpaad dat no foar de twadde kear hâlden wurdt. Der binne trije rûtes dêr't minsken in goeie kâns ha om aardige of hiel bysûndere fûgels te sjen. Ien rûte is yn Grinslân.
In ploech frijwilligers mei Rinus de Jong fan Steatsboskbehear begjinne tiisdei mei it frijmeitsjen fan de paden. Dat barde ek oan de Grinzer kant.