Nije apteek by MCL

Njonken de yngong fan it MCL yn Ljouwert wurdt foar 2 miljoen in hypermoderne apteek boud. De âlde haastapteek yn it sikehûs is te lyts en dêrom moast der ekstra romte komme. It gebou wurdt 300 kante meter grut en krijt de modernste apparatuer, lykas in medisinerobot.
Pasjinten fan it sikehûs en de dokterswacht kinne fia in doar yn it sikehûs yn de apteek komme. Troch de nijbou ferdûbelet ek it tal meiwurkers fan 5 nei 10.