Beenen BV nimt Datell BV oer
Automatisearringsbedriuw Beenen BV fan It Hearrenfean nimt Datell BV fan Meppel oer. It bedriuw hopet dêrmei syn posysje op it mêd fan yndustriële automatisearring te ferbetterjen.
Beenen hat ek in fêstiging yn Zwolle. Yn totaal wurkje der op it stuit goed 175 meiwurkers, mei de oername komme dêr nochris 10 by.