Stellen stjoerders wer werom

De plysje hat moandei in ynwenner fan Drylts oanhâlden foar heling fan mikrofoans en stjoerders. It guod wie yn de nacht fan 28 op 29 april stellen út in tinte fan teaterselsskip Tryater yn Snits. In pear dagen letter seagen meiwurkers fan it teaterselsskip dat dy stjoerders op Marktplaats te keap oanbean waarden.
Yn oerlis mei de plysje is in ôfspraak makke mei de ferkeaper. Doe't dy op it ôfprate plak kaam die bliken dat er in koffer mei it stellen guod hie.