5000 euro foar jeugdhonk Raard

03 maaie 2011 - 06:30

In opstekker foar it nije jeugdhonk yn Raard, it krijt 5000 euro fan it Oranje Fûns. Sûnt in heal jier binne de keten yn de gemeente Dongeradiel fanwege feiligens en de iepenbiere oarde ferbean. Om de jeugd dochs in eigen plakje te jaan is besletten om in nij jeugdhonk te bouwen.

De gemeente leit sa'n 70.000 euro yn en it VSB-fûns hat ek jild tasein. It is de bedoeling dat it nije jeugdhonk ûnder ien dak komt mei it doarpshûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)