Lêste punt Jong Hearrenfean

02 maaie 2011 - 20:28

Jong Hearrenfean/Emmen hat de lêste wedstriid yn de beloftekompetysje mei 1-1 lyk spile tsjin Jong FC Twente. De wedstriid yn it Abe Lenstra-stadion, mei ûnder de 10.000 taskôgers in protte bern, kaam mar dreech op gong.

Alexander Bannink sette Twente yn de earste de bêste útfal op foarsprong. Yn de 74e minút kaam de lykmakker fan Christian Grindheim. Dêrnei jage de thúsploech noch op de winst, mar sûnder súkses. Hearrenfean is as sânde einige, 28 punten achter kampioen PSV.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)