20% goedkeapere huzen

02 maaie 2011 - 19:21

Fryslân hat de primeur mei de earste website yn Nederlân foar huzen dy't minimaal 20% yn priis ferlege binne. Makelers Stallmann & Stallmann fan It Hearrenfean binne de inisjatyfnimmers, mar alle offisjele makelers kinne har oanslute om yn priis ferlege huzen op de site te setten. De huzemerk sit op slot en de nije website is optúgd om de saak los te lûken.

As in hûs ferkocht wurdt, moat de ferkeaper in opslach betelje foar it gebrûk fan de website.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)