Tiisdei wer tillefoan op Skier
De tillefoansteuring fan KPN op Skiermûntseach moat tiisdei wer oplost wêze, sa seit in wurdfierder fan KPN. Sûnt freed sieten 24 húshâldens sûnder tillefoan en ynternet. De klanten waard ferteld dat it probleem pas op 18 maaie oplost wurde koe.
Moandei binne der op ôfstân mjittings dien en hat bliken dien dat der in printplaatsje stikken is. Dat wurdt tiisdei ferfongen.