Weijer Autoskea better fynber

Foto: Eduard Rekker (Omrop Fryslân)
Autoskeahersteller Sjoerd Weijer yn Ljouwert ferhuzet nei in plak dat better te finen is mei de navigaasje yn auto's. It bedriuw sit by it Oostergoplein oan de súdkant. Mar neffens rûteplanners en kaarten sit it bedriuw op de Ferlingde Skrâns oan de noardkant fan it Oostergoplein by fytsesaak Terpstra.
De skeahersteller ferhuzet no nei de Suderkrúswei. It nije gebou is twa kear sa grut en boppedat better te finen. Nije wike is it bedriuw oer.