Dief sportskoalle op byld

02 maaie 2011 - 15:40

De plysje is op syk nei in man dy't in beurs stellen hat út in kleanklûs fan in sportskoalle yn Drachten. Op 12 april tusken seis en sân oere jûns helle er de beurs mei paskes en jild út in klûs en die dy yn syn eigen klûs.

Op de website dadergezocht.nl is de foto te sjen fan de dieder. Minsken dy't de man kenne, kinne kontakt opnimme mei de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)