'Arriva rint miljoenen mis'

De Arrivatrein nei Grins op it stasjon fan Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)
Ferfiersbedriuw Arriva rint miljoenen mis. It jild fan de kaartsjes wurdt net earlik ferdield troch de NS. Dat seit direkteur Hettinga. Sûnt Arriva it spoar yn 2006 oernaam hat fan Noardned binne der minstens 20 persint mear reizgers kaam. Mar Arriva sjocht dat yn de ynkomsten net werom.
De sinten wurde ferdield op grûn fan stekproeven troch in ûndersyksburo. De NMa ûndersiket no dy ferdieling. Arriva wol gau de OV-chipkaart, want dan is it eksakte tal reizgers bekend.