Holland Casino: 2010 min jier

02 maaie 2011 - 13:39

Holland Casino is it ôfrûne jier djip yn de reade sifers kaam. It bedriuw draaide lanlik oer de 9,9 miljoen euro ferlies. Yn 2009 wie dat noch 2,5 miljoen. Dat stiet yn it finansjeel jierferslach fan it bedriuw.

De ôfdieling yn Ljouwert hat it ôfrûne 1,9 miljoen ferlies draaid. Sûnt de iepening yn 2006 hat Ljouwert noch nea in posityf resultaat helle. Der binne maatregels naam yn Ljouwert. Sa giet it kasino wat letter iepen en wat earder ticht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)