NNO nimt ôfskie fan Tabachnik

Michel Tabachnik (foto: Omrop Fryslân)
It Noord Nederlands Orkest nimt ôfskie fan sjef-dirigint Michel Tabachnik. Hy hat goed seis seizoenen lieding jûn oan it orkest. By it NNO hat er benammen yndruk makke mei syn fisy op it romantyske repertoire. It orkest spilet op 'e ôfskiedsjûn it Requiem fan Verdi. Dat stik stie ek op it program doe't Tabachnik foar it earst foar it NNO stie.
It ôfskiedskonsert is op 14 maaie. Tabachnik wurdt opfolge troch Stefan Asbury.