Brân op kemping yn Sumar

02 maaie 2011 - 10:52

In brantsje op kemping Klein Zwitserland yn Sumar hat sneintejûn ta kommoasje laat. In ynwenster fan Appelskea (55) seach dat de konifearen njonken har caravan yn 'e brân stiene. Se helle gau har bern fan bêd ôf. Oare kempinggasten wiene op dat stuit al begûn mei it útmeitsjen fan de brân. De skea is beheind bleaun ta in pear terrasstuollen.

Mooglik is der sprake fan brânstifting. De plysje stelt dêrom in ûndersyk yn nei de brân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)