Koarte brân yn flat Ljouwert

02 maaie 2011 - 10:26

Yn in flat oan De Bird yn Ljouwert hat moandeitemoarn koarte tiid brân west. Dy ûntstie yn ien fan 'e sliepkeamers. It berntsje fan de bewenster hat de brân oanstutsen. De brânwacht koe foarkomme dat it fjoer him fierder útwreide.

De bewenster en har berntsje binne troch ambulânsepersoniel behannele. Se hiene reek ynaseme. Der wiene ek noch fjouwer katten yn de flat. Ien dêrfan is fan de flat sprongen en hat it net oerlibbe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)