Sipke Zijlstra wint Schermer

Sipke Zijlstra (argyffoto: awfoto.nl)
Sipke Zijlsta hat snein de Molenomloop fan de Schermer wûn. Yn Noard-Hollân wie er Sander Oostlander yn de einsprint de baas. Op trettjin tellen einige in kwartet mei Jenning Huizenga, ploechmaat fan de winner. Huizenga waard fjirde. Foar Sipke Zijlstra wie it al de twadde oerwinning. Mids april wie er de sterkste yn de Wâlden klassiker.
It kritearium yn Elim waard wûn troch Wouter Wippert. Niek Hooghiemster waard twadde.