1-maaie-fiering yn Akkrum

01 maaie 2011 - 13:49

Mear as hûndert PvdA-leden wiene snein by de 1 maaie-fiering yn fersoargingshûs Leppehiem yn Akkrum. De partij fiert op de Dei fan de Arbeid ek de 65ste jierdei.

By de fiering wiene tritich minsken oanwêzich dy't fan it begjin ôf oan lid binne fan de partij. Ald-Keamerlid en mei-oprjochter Jacob Vellenga hâlde in rede oer it ûntstean fan de PvdA. Hy sei dêryn dat de partij fêsthâlde moat oan sosjalistyske wearden en solidariteit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)