Pôlebrêge oerdeis ôfsletten

01 maaie 2011 - 12:49
Foto: Omrop Fryslân

Ferkear kin de kommende wike mar beheind oer de Pôlebrêge yn Lippenhuzen. De brêge moat skildere wurde en is dêrom oerdeis tusken achten en fjouweren ôfsletten. It ferkear wurdt omlaat. Fan bus 13 ferfalle dan in tal bushaltes.

Jûns en nachts kin ferkear wol oer de Pôlebrêge. Dy leit yn de trochgeande dyk tusken Lippenhuzen en Jobbegea.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)