Fernielings restaurant Snits

Yn in restaurant oan de Gedempte Pol yn Snits hat de plysje sneon twa ynwenners fan dy stêd oanhâlden fanwege fernielings. De 32-jierrige frou en 40-jierrige man krigen rûzje mei it personiel oer in bestelling. Se fernielden dêrop ferskate saken yn it restaurant, wêrûnder de kassa.
De twa koene troch de plysje yn it restaurant sels oanhâlden wurde. Se binne meinaam nei it plysjeburo foar fierder ûndersyk.