Ferwûnen by brân snackwein

De útbaarnde patatwein yn Wolsum (foto: Nick den Boer)
By in brân yn in snackwein by de autocross yn Wolsum binne sneontemiddei trije minsken ferwûne rekke. It giet om meiwurkers fan de snackwein. Alle trije waarden oerbrocht nei it sikehûs. Twa fan har koene dat nei behanneling wer ferlitte. De tredde is letter op 'e dei oerbrocht nei it brânwûnesintrum fan it Martinisikehûs yn Grins.
De brân ûntstie nei alle gedachten troch in flater by it ferwikseljen fan in gasflesse.