Nije ko-sponsor SKS

01 maaie 2011 - 08:27

De Poiesz Supermerken binne fan 1 maaie ôf ko-sponsor fan de SKS. It bedriuw is dêrmei de fjirde ko-sponsor fan de skûtsje-organisaasje, dy't ek twa haadsponsors hat. Earder woe de SKS mar in beheind tal sponsors, mar sûnt ferline jier wurdt dêr feroaring yn brocht om net te ôfhinklik te wêzen fan in pear jildsjitters.

Neffens de Poiesz sille de klanten dizze simmer ek wat fernimme fan de sponsoring. Der binne dan spesjale skûtsje-aksjes.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)