Wim Stroetinga wint Beilen

Wim Stroetinga (foto: Rudie Ottens, www.ottie.nl)
Wim Stroetinga hat mei oermacht de keninginneronde fan Beilen wûn. De hurdfytser fan Aldeberkeap wie nei 80 kilometer fierwei de rapste fan de ferbrokkele kopgroep fan fjirtjin man. Wouter de Groot fan Lochem waard twadde, Frank Vreugdenhil fan Eldersloo tredde.
Foar Stroetinga wie it de earste winst fan it seizoen. Mids maaie wol er him yn Olympia's Tour goed sjen litte om sa wer in profkontrakt te fertsjinjen.