Frijmerk Ljouwert: soad folk

30 apr 2011 - 15:49

De aktiviteiten dy't op keninginnedei yn Ljouwert hâlden wurde lûke in soad minsken. Dat meldt de plysje. It is op dit stuit smoardrok yn 'e stêd. Dêr wurdt ûnder oare in frijmerk hâlden en der binne ek optredens. Neffens de plysje soarget de drokte net foar grutte problemen.

Ek op oare plakken yn Fryslân is it drok. Dat jildt ûnder oare ek foar de aktiviteiten yn it sintrum fan It Hearrenfean. Mar ek dêr dogge har gjin problemen foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)