Fjoer Skylge yn gaten hâlde

Brânwacht, Steatsboskbehear en de plysje sille snein it maaiefjoer by West-Skylge op Skylge ekstra yn 'e gaten hâlde. It fjoer leit yn 'e buert fan in dúngebiet en soe troch de droechte oerslaan kinne.
Der mei dêrom mar op ien plak yn it gebiet fjoer makke wurde. It eilân makket him gjin soargen oer de maaiefjoeren oan de eastkant, omdat dy yn de greiden lizze. De maaiefjoeren binne in tradysje op Skylge.