Man rydt tsjin oare auto's oan

30 apr 2011 - 13:44

De plysje hat fan in automobilist (38) út Ljouwert it rydbewiis ynnaam fanwege gefaarlik rydgedrach. De plysje waard warskôge troch in taksysjauffeur. Dy seach dat de man yn Ljouwert tsjin ferskate auto's oan ried. Neffens de taksysjauffeur wie dat it gefolch fan drank.

De plysje koe dêrnei de man oanhâlde. Dêrby die bliken dat er net tefolle dronken hie. Neffens de man hie er in black-out hân en wie er dêrtroch tsjin de oare auto's riden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)