Keninginnenacht: 3 oanhâldings

Der sliepten wer in soad minsken bûtendoar om harren plakje fêst te hâlden
De fiering fan keninginnenacht yn Ljouwert is neffens de plysje rêstich ferrûn. Der waarden trije minsken oanhâlden. By in feest by de Aldehou waarden twa minsken oppakt, ien foar mislediging en ien foar it hawwen fan in mes. Sy ha proses-ferbaal krigen.
Neffens de plysje wiene der 600 minsken by it feest, de organisaasje hie rekkene op 6000. Yn in kroech oan it Ruterskertier yn Ljouwert waard in Ljouwerter (32) oppakt foar it slaan mei in barkruk en meinommen nei it buro.